Jump to content

WikiWomen Erasmus+/Toolkit foar learlingen/It ûnderwerp ferkenne

From Meta, a Wikimedia project coordination wiki
This page is a translated version of the page WikiWomen Erasmus+/Exploring the topic area and the translation is 100% complete.

Toolkit foar learlingen

It ûnderwerp ferkenne

In ûnderwerp om oer te skriuwen fine kin dreech wêze, al hielendal foar learlingen dy't krekt begjinne oan it dwaan fan ûndersyk. Ast de WikiWomen-materiaal fan begjin oant ein folgest moatte de learlingen in frou fine om in Wikipedy-side oer te skriuwen. Dat kin dreech wêze, al hielendal as dyn begjinpunt by it dwaan fan ûndersyk Wikipedy is! Wêr begjinne we mei it sykjen nei froulju dy't noch net op Wikipedy stean? Yn dizze stap fynst nuttich ark op Wikipedy dat brûkt wurde kin om froulju te finen dy't (noch) gjin Wikipedy-artikel hawwe. Dêrneist fynst opdrachten foar de learlingen om yn de les of as húswurk te dwaan oer it finen fan in frou om oer te skriuwen.

Ynformaasje oer dit ûnderwerp
Wikipedy-ark Wikipedy GapFinder https://recommend.wmflabs.org/
Wikipedy-ark Net yn de oare taal https://not-in-the-other-language.toolforge.org/

Opdrachten foar yn 'e les

Stellingen foar diskusje

  • Wat makket in artikel op Wikipedy goed?

Opdrachten foar learlingen

  • Kinsto in goed artikel op Wikipedy fine en dy presentearje foar de rest fan de klasse?
  • Wat makket dit in goed foarbyld, yn dyn optyk?
  • Bist ek ûnderwerpen tsjinkaam dy’t wol wichtich binne, mar noch net op Wikipedy stean?