Jump to content

WikiWomen Erasmus+/Toolkit foar learlingen/Essinsjeel op Wikipedy

From Meta, a Wikimedia project coordination wiki
This page is a translated version of the page WikiWomen Erasmus+/Wikipedia essentials and the translation is 88% complete.

Essinsjeel op Wikipedy

Stap twa fan de toolkit foar learlingen giet oer de essinsjele saken op Wikipedy. Yn dizze stap leare de learlingen de basis fan hoe't Wikipedy wurket. Fierder sille se leare wat it belang fan Wikipedy is as platfoarm foar it dielen fan kennis en it ûntwikkeljen fan ûndersyk, kritysk neitinken en skriuwfeardichheden. Boppedat leare se mear oer de doelen fan it WikiWomen-projekt.

De ynhâld fan dizze stap is opdield yn trije parten: de kultuer fan Wikipedy, betrouberens en objektiviteit en sitearjen op Wikipedy. Oer de kultuer fan Wikipedy is it wichtich om te neamen dat foar alle talen dêr't Wikipedy beskikber yn is, der in eigen groep fan minsken, in mienskip, wurket oan it behear fan de Wikipedy. De manier dêr't dat op dien wurdt ferskilt foar de Wikipedy's yn alle talen. Foar gruttere Wikipedy's binne gruttere teams mei minsken oan it wurk om de ynhâld te behearen, wylst dat foar lytsere Wikipedy's somtiden in hantsjefol minsken binne dy't dat yn de frije tiid dogge. Wannear'tst begjint mei it skriuwen oan in Wikipedy is it fan belang om der bewust fan te wêzen dat der ek oare minsken oan de oare kant fan de kompjûter sitte dy't mei dy oan Wikipedy wurkje. It is wichtich om eltsenien mei respekt te behanneljen.

Kultuer op Wikipedy

Ynformaasje oer dit ûnderwerp
Ynstruksje Fiif pylders fan Wikipedy en:Wikipedia:Five pillars
Ynstruksje It perfekte artikel en:Wikipedia:The perfect article
Artikel Foarbyld fan hoe't de perfekte biografy derút sjen kin en:Hertha Ayrton
List List fan Wikipedia’s List fan Wikipedia’s

Opdrachten foar yn 'e les

Stellingen foar diskusje yn 'e les

  • Wat fynsto fan Wikipedy?
  • Wannear tinkst dat it passend is om gebrûk te meitsjen fan Wikipedy?
  • Brûksto Wikipedy yn dyn taal?

Betrouberens, objektiviteit

Ynformaasje oer dit ûnderwerp
Ynformative fideo Betrouberens op Wikipedia https://drive.google.com/file/d/1KIXH9_mUO2W2Wg7esnMyAzAmKrAOmUUg/view?usp=sharing
Nijsartikel Wikipedia ferbiedt de Daily Mail as 'ûnbetroubere' boarne https://nos.nl/artikel/2157240-engelse-wikipedia-gebruikt-daily-mail-niet-meer-als-bron

Opdrachten foar yn 'e les

Sitearjen op Wikipedy

Ynformaasje oer dit ûnderwerp
Tekst Boarnen sitearje en:Wikipedia:Citing sources
Oefeningen yn de klasse Learlingetaken Mei it sitearark kinne learlingen in sin of in nije paragraaf taheakje oan harren Wikipedy-artikel of yn harren sânbak