WikiWomen Erasmus+/Toolkit foar skoallen/Lêste tsjek en publikaasje op Wikipedy
Appearance
Les 10: Lêste tsjek en publikaasje op Wikipedy
Lesdoelen
- Lêste proeflêzen.
- It proses fan oersette fan in artikel út de sânbak* wei nei de ‘live’ Wikipedy.
- Doer fan ‘e les: 40 minuten —
Yntroduksje (10 minuten):
- Ferwolkomje de learlingen en beklamje it belang fan it opnij besjen fan harren wurk foardat it publisearre wurde kin.
- Fraach: Watfoar útdagings kamen jim tsjin by it skriuwen fan jim artikels? Hoe tinkst dat peer review hjirby helpe kin?
Opdracht: lêste tsjek (20 minuten):
- As dyn klasse it ûndersyk of de biografy presintearje sil, ynstruearje dan de klasse om dêroan te wurkjen wylsto de artikels besjochst foar de lêste taalkorreksjes.
- De learlingen dy’t noch oan harren artikels wurkje kinne dêrmei trochgean.
- Wannear’t de teksten korrizjearre binne kinne de learlingen se online sette.
It artikel publisearje (5 minuten):
- Wannear’t de artikels foar it lêst besjoen binne, kinne se publisearre wurde.
- Der is in stap-foar-stap ynstruksje yn de Powerpoint.
Presintaasjes (5 minuten): This slide will give students
Húswurk:
- Learlingen dy’t presintaasjes jaan sille kinne dêroan wurkje foar de lêste les, as dat part is fan de beoardieling yn jim klasse.