WikiWomen Erasmus+/Toolkit foar skoallen/Presintaasje (opsjoneel)
Opmerking foar de dosint: der sit gjin Powerpoint by dizze les, omdat de learlingen harren eigen presintaasjes dogge.
Les 11: Presintaasjes (opsjoneel)
Lesdoelen Jou learlingen de kâns om harren artikels te presintearjen en om te reflektearjen op de ûnderfining mei Wikipedy. Moedigje de learlingen oan om harren útdagings, súksessen en de learde lessen yn it projekt de dielen. Fier wat de learlingen berikt hawwe as nije Wikimedianen.
Yntroduksje (10 minuten):
- Ferwolkomje de klasse en lis de struktuer foar de presintaasjes út.
- Ofhinklik fan de grutte fan de klasse moatte de presintaasjes miskien oer meardere lessen jûn wurde. Dat kin oanpast wurde nei ynsjoch fan de dosint.
- Presintaasjes kinne sa’n 3-5 minuten duorje.
Refleksje en fieren fan resultaat (oan de ein fan de presintaasjes):
- Reflektearje op it hiele projekt en de groei fan de learlingen as meidoggers op Wikipedy.
- Fier wat de learlingen bericht hawwe en erken de muoite dy’t se dien hawwe yn it helpen behâlden fan frouljusskiednis en de minderheidstaal yn de artikels.
- Soargje foar positive feedback foar alle learlingen foar it hurde wurk.
- Fetsje de wichtichste punten gear troch de lessen hinne.
- Beklamje it belang fan harren meidwaan oan Wikipedy en de ympakt dy’t it hawwe kin oan it behâlden fan frouljusskiednis.
- Jou wurdearring foar harren muoite en moedigje se oan om hjirmei troch te gean.
Opmerking foar de dosint: yn de lêste les fiere jim wat de learlingen berikt hawwe en soarget de dosint foar in platfoarm foar harren om harren ûnderfiningen op te dielen. Bemoedigje in positive en stypjende sfear by de presintaasjes en diskusjes. Fier de groei fan de learlingen as Wikipedianen en harren weardefolle bydragen oan de wrâldwiid beskikbere ensyklopedy.
Se binne no in groep Wikipedianen – tiid om dat te fieren!